Seehûnen spiele oan op it strân troch heechwetter

© Folkert Janssens
Troch de hurde wyn en de hege wetterstân yn it Waadgebiet binne op de eilannen ferskate seehûnen en pups op it strân oanspield. Op Skylge lizze benammen lytse grize seehûnen yn it sân. Troch de hurde wyn en de hege golven spiele de bisten oan op it strân.
De seehûne-opfang op Skylge freget minsken op ôfstân te bliuwen en de seehûnen mei rêst te litten.