Fryske grûnlizzer feteranebelied Ted Meines ferstoarn

Ald-generaal Ted Meines is sneon op 95-jierrige leeftyd ferstoarn. Dat meldt it ministearje fan Definsje. Meines waard berne yn Ljouwerteradiel op 25 septimber 1921. Hy wie fersetsstrider yn Fryslân en Ynjegonger. Hy naam ferskate kearen diel oan de Ynjebetinking yn it Rengerspark yn Ljouwert.
Fierders wie er yn de jierren 80 mei-oprjochter en foarsitter fan de Stichting Veteranen Platform en grûnlizzer fan it Nederlânske feteranebelied. Meines krige ferskate keninklike ûnderskiedingen foar syn ynset en wie eareboarger fan de steat Israel.
Op it YouTube-kanaal fan it ministearje fan Definsje sil de útfeart fan de luitenant-generaal live te folgjen wêze. Wannear't dat wêze sil is noch net bekend. Op ynternet is ek in kondoleânsjeregister iepene.
Minister Jeanine Hennis fan Definsje twitterde sneontejûn har reaksje op it ferstjerren fan Meines: "Ik ben generaal Meines dankbaar voor zijn enorme inzet, maar vooral dankbaar voor wie hij was als mens."