Man rekket mei auto yn 'e feart neist de N359

In 32-jierrige man út Makkum is sneontejûn krekt nei sânen mei de auto yn de feart rekke neist de N359 tusken Ljouwert en Boalsert. De man, begjinnend bestjoerder, wie ûnderweis fan Wytmarsum nei Ljouwert en rekke by Hilaard yn de berm, mar besocht dat te korrizjearjen. Dêrtroch draaide de auto om syn as en kaam oan de oare kant fan de dyk yn de feart telâne.
In automobilist dy't foarby ried, seach in read ljochtsje neist de dyk brânen en ûntduts dat it om in auto gie. De foarbygonger hat de Makkumer opfongen en de helptsjinsten ynskeakele.
De Makkumer rekke net ferwûne en koe sels út de auto komme. In bergingsbedriuw hat de auto út de feart lutsen. Foar de berging waard de rydstrook fan Ljouwert nei Boalsert tydlik ôfsletten. Hy moast al blaze, de plysje tocht dat er tefolle dronken hie.