Ynskriuwing foar de tredde maraton fan Snits is iepen

Yn Snits is sneon de ynskriuwing foar de tredde edysje fan de maraton fan Snits offisjeel úteinsetten. Dy ynskriuwing giet hielendal fia ynternet. De organisaasje hie om dêr by stil te stean al in oantal dielnimmers frege om sneon fan rekreaasjegebiet De Potten nei de stêd te draven, in ôfstân fan sa'n 7,5 kilometer. Wethâlder Frans Veltman fan De Fryske Marren loste dêr it startskot foar.
Mear dielnimmers
De maraton fan Snits hopet by de earstfolgjende edysje tûzenen dielnimmers mear te lûken as by de foargeande edysjes. Om dat te berikken is it programma útwreide fan ien nei twa dagen. Yn totaal soene der wol 10.000 oant 12.000 minsken meidwaan moatte, by de lêste edysje yn 2015 wienen dat der 7000. De maraton fan Snits wurdt hâlden yn it wykein fan freed 23 en sneon 24 juny takom jier.
Snitser Mar
Bysûnder is dat de rûte fan de maraton om de Snitser Mar hinne giet en dat der jûns en nachts draafd wurdt. Op de freed foar de maraton wurde in koarte Starteilân Run fan 7,5 kilometer en in wetterstêd belibbingskuier troch Snits oan it programma taheakke.
Webside plat
Al in kertier nei de start fan de ynskriuwing lei de webside fan de maraton fan Snits sneon plat. Nei alle gedachten kaam dat troch de grutte belangstelling. Yn it kertier dat de side it wol die, skreaune 1000 minsken har yn. De ynskriuwing begûn om 12 oere, neidat der ferskate aktiviteiten hâlden wienen.