Regiobank grypt kâns

Regiobank hat plannen om flink út te wreidzjen yn Fryslân. De bank hat op it stuit njoggentjin kantoaren en dêr moatte fiif bykomme. Doel is om yn Burgum, Wolvegea, De Lemmer, Snits en Harns in nij kantoar te iepenjen.
Direkteur Hans van den Bor seit dat Regiobank in flinke groei meimakket. Der binne yn de ôfrûne twa jier in soad klanten bykaam. Dy nimme ek in soad sparjild mei. Neffens de direkteur komt dat trochdat in soad klanten teloarsteld binne yn grutte banken en mear persoanlik kontakt mei de bank hawwe wolle.