Fynst skilderij Alma-Tadema te sjen yn jieroersjoch BBC

Antykekspert Rupert Maas fan it BBC-programma Antiques Roadshow © ANP
De fynst fan it skilderij fan de Fryske keunstner Alma-Tadema komt no woansdei foarby yn it jieroersjoch fan it BBC-programma Antiques Roadshow, de Britske ferzje fan Tussen Kunst en Kitsch. Op it skilderij is de Nederlânske etser Leopold Löwenstam te sjen, skildere troch Alma-Tadema yn 1883.
Beiden wennen yn dy tiid yn Londen. It doek wie yn 1913 foar it lêst yn it iepenbier te sjen. It makket no diel út fan de Alma-Tadema-tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert.
Hichtepunt
De BBC hat it skilderij yn de tentoanstelling filme en sjocht mei saakkundigen werom op de bysûndere fynst yn de ôflevering 'Highlights of 2016'. Dy is no woansdei te sjen op BBC One om healwei achten jûns.