Google Street View op Gryn, Skier en yn 17 oare gebieten

Ut de luie stoel njoggentjin natuergebieten yn Nederlân besjen. Dat is fan no ôf mooglik mei help fan Google Street View. It ûnbewenne eilân Gryn by Skylge wie al yn kaart brocht. Gryn wie it earste natuergebiet dat Google fêstlei mei de kamera. Tegearre mei Natuermonuminten hat Google noch achttjin oare gebieten fêstlein.
Oan de hân fan 360-graden-bylden kinne sjoggers no bygelyks oer Skiermûntseach´kuierje, de Sint Pieterberg yn Limburg beklimme of troch de Kaapse Bossen fan Utrecht strune.