Boartersgoedwinkel moat plysjepetsjes út de ferkeap helje

© Facebook Plysje East-Fryslân
In boartersguodwinkel yn Drachten hat moandei op lêst fan de plysje in tal plysjepetsjes út de ferkeap helje moatten. It gie om in pear petsjes. De ferkeap wie in persoanlike aksje. Gewoanwei binne sokke plysjepetsjes net yn 'e winkel te krijen.
De ferkeap fan sokke plysjecaps yn gewoane winkels mei net. It logo en de strepen binne auteursrjochterlik beskerme en as merk deponearre. Dy kinne net brûkt wurde sûnder tastimming.