Nije banieren KH2018 wapperje rûnom yn de provinsje

Fryslân krijt op ferskate plakken in rige flaggemêsten mei banieren fan de Kulturele Haadstêd 2018. Tongersdei is dêrfoar it startsein jûn yn de Ljouwerter Prinsetún. Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Sjoerd Feitsma hysten it earste banier omheech.
De flaggemêsten komme ûnder oare by de tagongsdiken fan Ljouwert te stean, mar ek op oare plakken yn de provinsje.