Weromsjen op 2016: Rommie Bouma wurke 46 jier by de V&D

Wy binne hast oan ‘e ein fan 2016. Dêrom sjogge wy de kommende dagen werom op it jier mei minsken dy’t wat bysûnders meimakke ha en sa yn it nijs kamen. De ien troch in dramatysk barren, de oar troch in opfallende aksje. De earste yn dizze rige is Rommie Bouma, dy't 46 jier by de V&D wurke
Op har lêste wurkdei foar de V&D, 16 febrewaris 2016, die se de doar efter har ticht. "En ik sei tsjin mysels 'Rommie dit is de lêste kear datst hjir de V&D yn en út gien bist', en doe begûn ik spontaan te gûlen op strjitte".
Ein fan in tiidrek
Febrewaris fan dit jier foel it doek definityf foar V&D. V&D bestie doe hast 130 jier en de lêste 46 jier dêrfan wurke Rommie Bouma fan Ferwert by de fêstiging oan de Nijstêd yn Ljouwert. Dizze wike makke it UWV bekend dat 70% fan it eardere personiel fan it warehûs wer in baan hat. Dat binne dan benammen de jongeren, want fan de âldere V&D'ers is noch gjin 25% oan de bak kaam. Ek foar Rommie, dy't 62 jier is, sit in ècht betelle baan der net yn. Se hat oan fakânsjewurk as húshâldlike help wol in nul-oeren-kontrakt oerhâlden, mar is de measte dagen aktyf mei frijwilligerswurk yn it fersoargingshûs yn Ferwert. "It is net echt in baan, mar je binne wol wer tusken de minsken".
Genietsje fan de WW
Har libben is bot feroare. "Oars gie ik om sân oere fan bêd en gie ik healwei njoggenen mei de bus nei de V&D ta". De lêste jierren wurke se op de ôfdieling mei hearemoade. Manlju wolle graach holpen wurde en sy fûn it moai wurk de manlju yn moaie klean te stekken. Rommie hat trije jier WW, salang moat se sollisitearje. Dat falt har swier. "Der wiene in hiele protte dy seinen tsjin my, gean genietsjen fan dyn WW. Mar ik kin dat net omdat ik sollisitearje moat"
Se hat in skoft net goed yn har fel sitten. Se wie koartôf nei oaren ta en moast gau gûle. Se hoaste in soad, neffens har omdat de spanning letter op har longen sloech. Yntusken is dat oer en fielt se har better.
Dy lêste dei hat se noch in soad foto's makke. Dêr is se wiis mei. Se hat lêsten werom west, yn de nije Zara-winkel dy't der no sit. Mar dat is har saak net, se koe der neat fine dat se miskien keapje woe. "Kinst nergens mear oan sjen dat it in V&D west hat. Allinne oan de efterkant seach ik noch in logo-lamp fan de V&D hingjen, mei in grutte V derop".
Harkje ek nei de reportaazje oer Rommie Bouma yn Buro de Vries op Earste Krystdei. Buro de Vries is alle sneinen te hearren by Omrop Fryslân op de radio tusken 11.00 en 13.00 oere.