Adventure ferlinget krystpakketaksje foar húsbisten

De krystpakketaksje fan biste-opfang en pensjon Adventure foar húsbisten is sa'n sukses, dat it ferlinge wurdt. Yn de opfang yn Koatstertille binne mear as 80 pakketten ferkocht wylst der rekkene wie op goed 30. Foar alle ferkochte pakketten krijt in bist yn de opfang der ek ien.
Yn it ferassingspakket sit wat lekkers, wat om mei te boartsjen foar de hûn of kat en in bistekalinder foar de eigener. De aksje rint no oant en mei 31 desimber.