Koperdieven trappearre op Fean

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht twa ynwenners fan It Fean oanhâlden op fertinking fan koperstellerij. De plysje seach de manlju twifeljend riden en folge se.
Op it yndustryterrein binne se oanhâlden. Doe waard dúdlik dat ien fan har de lêste tiid faker oppakt wie foar koperstellerij. Der lei ark yn de auto en in tas mei ôfknipte koperen liedings. Dat kaam nei alle gedachten út in sloophûs. It duo is meinommen nei it buro. Ien hie ek GHB by him.