Dokkumer Sierk Jan de Haan wurdt ploechlieder by Lotto-Jumbo

Sierk Jan de Haan fan Dokkum giet oan de slach as ploechlieder by de hurdfytsploech fan LottoNL-Jumbo. Dat makke it team tongersdei bekend by de presintaasje foar it nije seizoen. Om't de wrâldtoerkalinder útwreide is mei mear wedstriden, hie de LottoNL-Jumbo-ploech ferlet fan mear begelieding.
Sa binne se útkaam by De Haan. Earder wie de âld-hurdfytser trainer by de beloften fan de Rabobankploech en wie er ploechlieder by de froulju fan it Rabo Liv Team. Dy beide ploegen hâlde op te bestean.
Yn de ploech fan LottoNL-Jumbo ride Nederlânske hurdfytsers as Robert Gesink, Steven Kruijswijk en Dylan Groenewegen.