Liesette Bruinsma Paralympysk Sporter fan 2016

Liesette Bruinsma fan Wommels is op it NOC*NSF sportgala yn Amsterdam Paralympysk Sporter fan 2016 wurden. De 16-jierrige bline swimster wûn yn Rio de Janeireo by de Paralympyske Spelen fiif medaljes. Twa kear goud, ien kear sulver en twa kear brûns.
De titel by de paralympske sporters kaam út in hiele grutte groep manlju en froulju. Ek de Fryske sporters Alyda Norbruis, twa kear goud yn Rio, en Tristan Bangma, ien kear goud, wiene kandidaat foar de titel.