Bylden fan Hein Mader krije in plak yn Eaststellingwerf

De oerienkomst is tekene (wethâlder Sierd de Boer, Sonja en Johan Mader en notaris Dick Batenburg) © Gemeente Ooststellingwerf
De bylden fan keunstner Hein Mader krije definityf in plakje yn de gemeente Eaststellingwerf. Dêroer ha de gemeente en de stichting Beheer Collectie Hein Mader woansdei in oerienkomst tekene. Mader is yn 1925 yn Eastenryk berne en ferstoar yn 2011. It lêste part fan syn libben, libbe hy yn Fryslân. Dêrom woe hy syn bylden ek graach hjir hâlde. Yn Eaststellingwerf wurde syn bylden no pleatst yn in keunstrûte; binnen- en bûtendoar.