LDODK hat twa ynternasjonals
De kuorballers Erwin Zwart en Sieta Bijker fan LDODK meitsje diel út fan de definitive seleksje fan Jong Oranje foar it WK yn Barcelona. Dat hat bûnscoach Wim Scholtmeijer moandei bekend makke.
Yn juny giet de seleksje op trainingsstaazje nei Hongkong en Taiwan. It WK ûnder de 23 jier wurdt hâlden yn oktober.