Arno Brok is wiis mei reaksjes op foardracht

Arno Brok
De beëage nije kommissaris fan de Kening yn Fryslân wol woansdei noch net reagearje op syn foardracht. Allinnich yn in parseberjocht fan de provinsje stiet in koarte reaksje. Dêryn stiet dat Brok hiel wiis is mei alle reaksjes op syn foardracht. Ek is hy tankber foar de sân jier dy't er as boargemaster yn Dordrecht wurke hat. Hy hoegde dêr net nedich wei, mar hat al wol earder oanjûn dat hy op termyn wer nei Fryslân woe. Brok wol fierder wachtsje oant de offisjele beneaming, foardat hy fierder wat seit.
Brok hat in protte lokwinsken krigen op syn foardracht. Brok wie sûnt 1 febrewaris 2010 boargemaster fan Dordrecht en foarsitter fan de Drechtraad. Fan 1998 oant 2003 wie hy wethâlder yn Ljouwert en fan 2003 oant 2010 boargemaster yn Snits. Noch mar twa moanne lyn waard hy foarsitter fan it Nederlands Genootschap van Burgemeesters.
It kabinet nimt neffens de provinsje op koarte termyn in offisjeel beslút oer de foardracht. De nije kommissaris wurdt oansteld foar in perioade fan seis jier.