UPDATE: Arno Brok wurdt de nije kommissaris fan de Kening

Arno Brok wurdt de nije kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Hy folget John Jorritsma op, dy't yn septimber oan de slach gien is as boargemaster fan Eindhoven. Op it stuit is Joan Leemhuis-Stout waarnimmend kfdK. Sy bliuwt oant Brok begjint as nije kommissaris fan de Kening. Nei alle gedachten sil dat yn maart wêze.
Brok is no noch boargemaster fan Dordrecht.
Bekend mei Fryslân
Provinsjale Steaten sjogge Brok as in goede ferbiner. Troch syn ûnderfining as bestjoerder yn Fryslân wit er neffens de fertrouwenskommisje wat der spilet en libbet yn Fryslân. Hy fielt him ek ferbûn mei de Fryske taal en kultuer en is dêrfoar yn 2000 ûnderskieden mei de Fear fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Arno Brok is bekend mei Fryslân. Hy studearre bestjoerskunde oan de Thorbecke Academie yn Ljouwert. Yn de perioade 1994-1998 wie er riedslid en fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Fryske haadstêd. Dêrnei waard er wethâlder yn Ljouwert oant 2003. Yn de perioade 2003-2010 wie er boargemaster fan Snits.
Oan it begjin fan de offisjele bekendmakking fan Brok as nije kommissaris fan de Kening hat fraksjefoarsitter Mark de Roo fan D66 syn ekskús oanbean om't hy en partijgenoat Marieke Vellinga te betiid twitteren oer de beneaming.