Frjentsjerter (72) sjocht ôf fan heger berop

Rjochter © Omrop Fryslân
De 72-jierrige man út Frjentsjer dy't yn july feroardiele waard ta fjouwer jier sel foar it deadzjen fan syn frou, sjocht ôf fan in heger berop. De fertochte sjocht gjin kâns om better oan te toanen dat hy syn frou deade hat út selsferdigening, om't der gjin tsjûgen by wienen. It fûnis tsjin de man is no definityf.
De fertochte deade yn febrewaris syn 74-jierrige frou troch har te smoaren.