FrieslandCampina krijt mearderheidsbelang Engro Foods

It gebou fan FrieslandCampina yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Suvelbedriuw FrieslandCampina hat foar 430 miljoen euro in mearderheidsbelang naam yn Engro Foods, it op ien nei grutste suvelbedriuw yn Pakistan. FrieslandCampina sjocht de grutter wurdende middenklasse yn Pakistan as belangrike groeimerk en woe dêrom graach in belang yn de suvelsektor ha. Dêrneist wol it bedriuw syn kunde op it mêd fan lânbou ynsette foar Pakistaanske boeren.