Stellerijen yn it easten fan Fryslân
By njoggen ynbraken yn East-Fryslân binne de ôfrûne dagen sieraden, tablets en in flesse drank stellen. Der is neffens de plysje ynbrutsen yn wenningen yn Oerterp, De Tynje, Drachten, Beetstersweach en Drachtsterkompenije. De plysje warskôget dat der mei de feestdagen mear ynbrutsen wurdt as oars.