Drok pinksterwykein ferwachte

Fryske rekreaasjeûndernimmers ferwachtsje neffens Fryslân Marketing in drok pinksterwykein. De promoasje-organisaasje yn Fryslân lit witte dat sa'n trijekwart fan de akkommodaasjes fol sitte. Ut it hiele lân wurde tûzenen dielnimmers ferwachte foar de Alvestêdefyts- en motortocht. Troch de geunstige ferwachting fan it waar rekkenje ek de wettersport en de Waadeilannen op in topwykein.
Nei alle gedachten komt sa'n tritich prosint fan de toeristen út it bûtenlân en dan foaral út Dútslân en Belgie.