Buertferiening Aldlân wol 'folle pot' subsydzje werom hawwe

Wyksintrum Froskenburg yn de Ljouwerter wyk Aldlân © Google Street View
As seis buertferienings yn Ljouwert de subsydzje werom hawwe wolle, moatte se by de polityk wêze. Dat wie de útkomst fan in harksit dy't de buertferiening fan Aldlân oanfrege hie.
Yn 2011 bepaalde de gemeente dat buertferienings minder subsydzje krije, omdat se neffens de gemeente te min diene. Wykferiening Aldlân is ûndertusken opbloeid en fynt dêrom dat se it folle bedrach wer krije moatte. In ûnôfhinklike kommisje stelt fêst dat de gemeente just hannele hat. De klups moatte by de gemeenteried wêze as se in beliedswiziging wolle.
Aktiviteiten
Yn 2011 hat de gemeente in nulmjitting dien by de buertferienings, wykpanels en doarspsbelangen. De gemeente moatst besunigje en seach mooglikheden yn it sosjaal domein. Doe is besletten dat buertferienings dy't temin besikers hawwe en temin aktiviteiten organisearje foar de doelgroep fan de wyk, koarte wurde op de subsydzje. Wykorganisaasje Aldlân krige gjin subsydzje mear, mar hat fia in regeling treffe kind dat se dochs de helte oan subsydzje wol krije. Mei fiif oare wykferienings binne se yn útsûndering.
2018
Yn de tuskentiid hat wykorganisaasje Aldlân in nij bestjoer dy't har folop dwaande hâldt mei aktiviteiten. Se hoopje no dat se de komplete pot werom krije kinne. Mar de beliedsregel is troch de gemeente fêststeld foar de periode 2014 oant 2018. Moasjes fan gemeentepartijen om opnij te toetsen, krigen net genoch stipe fan de ried
Enerzjykosten
Aldlân krijt no 9000 euro subsydzje. Dat jild giet allegearre op oan enerzjykosten. Alle aktiviteiten wurde út oare potsjes betelle. Se tinke noch wol in jier troch te kinnen mei de begrutting dy't se no hawwe, mar net folle langer. Se binne al yn petear mei de gemeente om it wyksintrum enerzjysuniger te meitsjen, sadat der wat mear subsydzje oerbliuwt om aktiviteiten te hâlden.