Krekt frijlitten Ljouwerter moat wer de sel yn

(stockfoto) © ANP
In man fan 30 út Ljouwert mocht ferline wike nei acht moanne út de finzenis, mar de plysjerjochter besliste moandei dat er werom moat foar nochris seis wike. De man siet yn de finzenis, omdat er hiel faak sûnder rydbewiis riden hie.
De nije straf krige er, omdat er wer trije kear oppakt wie foar riden sûnder rydbewiis. Ien kear dêrfan wie er ûnder ynfloed fan ghb en kokaïne en in oare kear fan alkohol. Foar dy nije feiten lei de rjochter him seis wike sel, 116 oeren wurkstraf en njoggen moanne ryd-ûntsizzing op.