Frysk trainingsbataljon tichtby IS-front yn Irak

Inkele tsientallen Fryske militêren binne op dit stuit aktyf yn Irak. Sy traine dêr Iraakse en Koerdyske militêren dy't de striid oangean mei terreurgroep IS. Se sitte yn Erbil. Yn de Iraakske stêd liket de oarloch mei IS fier fuort, mar it front is sawat 80 kilometer fan de stêd ôf.
Nederlanners fjochtje net mei oan it front. De mannen en froulju fan it Fryske bataljon, it 44-ste pantserynfanterybataljon Johan Willem Friso, liede de mannen dêr op. Se binne fiif moannen lang fan hûs. Mei de krystdagen binne se der ek.