Dronken man negearret plysjes

Polysje-auto © Omrop Fryslân
De plysje hat moandei in 35-jierrige Ljouwerter op 'e bon slingere, omdat er oer de Twabaksmerk yn Ljouwert rûn. Dat is op dit stuit ferbean fanwege de iepening fan it provinsjehûs, tiisdeitemiddei. De Ljouwerter waard oansprutsen troch befeiligers mar luts him dêr neat fan oan.
De man waard troch de plysje meinaam nei it buro, dêr't bliken die dat er fierste folle dronken hie. Hy is yntusken wer frijlitten.