Froulju oppakt foar stellerij

Boeien © ANP XTRA
Op De Westreen binne moandei twa ynwensters út Ljouwert oanholden foar stellerij. De beide froulju ferlieten de winkel sûnder te beteljen op in momint dat de kasjêre drok dwaande wie. De meiwurker fan de winkel fertroude it net en rûn achter de fertochten oan. Doe die bliken dat de Ljouwerters túnark út in tas hellen dat yndie stellen wie. Dêrop belle de meiwurker fan de winkel mei de plysje.
Yn de kofferbak fan de auto fan de froulju waard noch mear guod oantroffen dat mooglik stellen is.