Snelheidskontrôles yn SWF

© ANP XTRA
De plysje Fryslân hat moandei op trije plakken yn de provinsje snelheidskontrôles holden. Dat nei oanlieding fan klachten fan omwenners. It gie om de Rigedyk yn Aldegea Wymbritseradiel, De Alde Skatting yn Heech en de Legedyk yn Skearnegoutum.
Yn njoggentich prosint of mear fan alle gefallen waard net te hurd riden. Op de kontrolearre wegen is tachtich kilometer tastien. De heechste snelheid dy't metten waard wie 112 kilometer.