Fergees parkearjen yn Dokkumer binnenstêd

De Merk yn Dokkum © Google Street View
Fan sneon 24 desimber oant en mei moandei 2 jannewaris kin der fergees parkearre wurde yn de Dokkumer binnenstêd. De gemeente Dongeradiel stelt yn dy perioade de parkearautomaten bûten gebrûk om fjoerwurkskea foar te kommen. Der wurdt wol kontrolearre op auto's dy't ferkeard parkearre stean.
De ôfrûne jierren waarden de parkearautomaten ek al útskeakele en dat holp neffens de gemeente goed. Boppedat komme der mear minsken nei it sintrum fan Dokkum troch it fergees parkearjen.