Undersyk nei toerisme dyk

De provinsje lit ûndersyk dwaan nei wat toeristen nei de Ofslútdyk lûkt, en wat se dêr noch misse. It ûndersyk moat in idee jaan fan hoe't de nije Ofslútdyk noch mear minsken lûke kin. Op dit stuit komme der sawat 250.000 toeristen yn it jier nei de dyk.
Fan tiisdei ôf wurde benammen minsken by it monumint en it Kazemattenmuseum befrege. Letter krije ek wettersporters by de slûzen fragen oer hoe't sy de Ofslútdyk it leafste sjogge. De resultaten fan it ûndersyk wurde yn july ferwachte.