Fotofinish by it shorttrack: Schulting krekt net op poadium

Suzanne Schulting © awfoto.nl
Op de slotdei fan de wrâldbekerwedstriid shorttrack yn Gangneung (Súd-Koreä) wienen it de froulju dy't de Nederlânske ear heechhâlde moasten. Suzanne Schulting fan De Tynje helle de finale op de 1000 meter. Dêryn rêde se it krekt net op, se einige nei in fotofinish op it fjirde plak.
Akkrumer Rianne de Vries kwalifisearre har krekt net foar de finale fan de 500 meter, mar mocht wol troch nei de B-finale. Dy wûn se knap en dat betsjutte in sechsde plak op de 500 meter.
Oflossing
Nei har fjirde plak fan sneon yn de finale op de 1000 meter koe De Vries dêrmei weromsjen op in goed wykein. Beide froulju ride letter snein mei Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof ek noch de finale fan de ôflossing.
By de manlju slaggen Lemster Dennis Visser en Ljouwerter Itzhak de Laat der net yn de heale finales te heljen op de 1000 meter. Ek op de ôflossing waard de manljusploech sneon al útskeakele yn de heale finale, nei in straf foar Sjinkie Knegt.