Harkemase Boys ferliest en krijt trije reade kaarten

Harkemase Boys hat sneontemiddei de lêste wedstriid foar de winterstop ferlern. Op Sportpark De Bosk wiene Harkemase Boys en Huizen oan elkoar weage yn de begjinfaze. Dochs barde der net safolle yn de earste helte. Utsein in prachtige kâns dy't Mathijs Hardijk hie. Oebele Schokker joech in prachtige foarset, mar Hardijk skeat op de latte. De rêststân wie dan ek 0-0.
Yn de twadde helte krige Robert Stelpstra fan de Boys in reade kaart en kaam Huizen op 1-0. De Boys krigen dêrnei noch twa kear in reade kaart en sluten it duel ôf mei acht man.
De twa reade kaarten foelen yn de einfaze fan de wedstriid. Bart de Groot krige twa kear giel binnen in minút en dus read. De sfear waard der dêrtroch net better op by de spilers en sa krige Erich Jongeling ek noch syn twadde giele kaart (en dus read) nei it lêste fluitsinjaal.
Mei it ferlies en de trije reade kaarten giet Harkemase Boys net lekker de winterstop yn. Se stean no op it tolfde plak mei 23 punten.