Kânsleas ferlies ONS by ASWH

ONS wie sneontemiddei ôfreizge nei Hendrik-Ido-Ambacht mei de yntinsje om de goeie rige mei oerwinningen fol te holden. Mar dat slagge net tsjin ASWH, dat tredde stiet yn de tredde difyzje. It begjin fan de wedstriid wie foar ASWH. ONS kaam eins net oer de middelline. Yn de 41e minút kaam ASWH troch in moaie kopbal op in 1-0 foarsprong en al gau stie it ek 2-0.
Nei rêst krige ONS in tal kânsen, mar ASWH rûn út nei mar leafst 4-0. Pas yn de ekstra tiid koe Fabian Stevens noch wat werom dwaan en de 4-1 einstân op it skoareboerd sette.
ONS Boso Snits slút de earste seizoenshelte ôf mei 23 punten út 18 wedstriden.