Fryslân fangt net genôch statushâlders op

Lang net alle Fryske gemeenten helje dit jier de taakstelling foar it húsfestjen fan statushâlders. Sifers fan it COA litte sjen dat 13 fan de 24 gemeenten op 1 desimber noch in efterstân hawwe. Foaral de gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Tytsjerksterdiel en Ljouwert litte in grutte efterstân sjen.
Taakstelling
Eltse gemeente is ferplicht om foar in bepaald oantal statushâlders in wenning te soargjen. Sa moatte Fryske gemeenten dit jier 1.652 flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning húsfestje. Oant septimber sieten se mar op de helte. Per 1 desimber moatte neffens it CAO noch in lytse fjouwer hûndert statushâlders in wenning yn Fryslân krije.
Drege opdracht
Súdwest Fryslân, De Fryske Marren en Tytsjerksteradiel sizze de taakstelling dit jier net te heljen. Súdwest-Fryslân hat plannen foar ekstra húsfêsting foar statushâlders. Dizze plannen binne noch net iepenbier, om't it gemeentebestjoer hjir noch oer te set moat.
De Fryske Marren hopet de efterstân yn 2017 yn te rinnen. Se wolle bybouwe yn 'e grutte plakken yn de gemeente. Ek Tytsjerksteradiel hat muoite mei de húsfêsting fan statushâlders, om't de gemeente yn ferhâlding net in soad sosjale hierwenten hat. De gemeente is dwaande mei in plan fan oanpak foar de húsfêsting fan statushâlders.
De gemeente Ljouwert ferwachtet dizze moanne noch wol in grut part fan de tawiisde statushâlders húsfestje te kinnen.
Boete
It kabinet spilet mei it idee om gemeenten dy't harren taakstelling net helje in boete te jaan. Fryske gemeenten litte witte hjir gjin soargen oer te hawwen. Se sizze dat se maksimale ynspanning leverje om it foar elkoar te krijen. Boppedat is de taakstelling foar 2017 in stik leger, troch de legere ynstream fan flechtlingen. Dat jout gemeenten mear romte om efterstannen yn te rinnen.