Mûne Windlust krijt 8000 euro

De cheque fan Inmarstat
It bedriuw achter de grutte skûtels yn Boerum donearret achttûzen euro oan de ôfbaarnde mûne yn it doarp. Begjin april baarnde de mûne de Windlust folslein ôf neidat in groep jonges bibels en psalmboekjes by de mûne yn 'e brân stutsen hiene.
Earder al waard seistûzen euro ynsammele op de Nasjonale Mûnedei. De stifting achter de mûne hopet mei it jild de Windlust úteinlik wer op te bouwen.