UPDATE: Tsientallen keallen komme om by brân op pleats

Op in pleats oan de Hegedyk yn Wytgaard is sneon oan de ein fan de moarn brân útbrutsen. Dêrby binne inkelde tsientallen keallen omkaam. De bisten koene net op tiid út de stâl komme.
De kij dy't yn de twa lisboksstallen achter de pleats stienen, binne wol op tiid nei bûten jage, de greide yn. Dêr rinne de bisten no om. Inkelde minsken besochten de bisten by mekoar te driuwen. Inkelde kij rekken sa yn panyk dat se de sleat ynrûn binne. Se binne mei help fan in trekker wer út it wetter lutsen.
Reek
Om't it in útslaande brân wie, hat de brânwacht opskaald nei in grutte brân. Der wienen gjin minsken mear yn de pleats. By de brân kaam in protte reek frij.
Meardere korpsen fan de brânwacht binne oproppen om it fjoer te bestriden. De brânwacht hat ynsetten op behâld fan de stâl, it wengedielte stie yn de brân en is ferlern gien.