Fryske sealfuotbalsters witte net te winnen

Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys (hjir op argyfbyld) © Drachtster Boys
De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freed lyk spile tsjin FC Gelre. De froulju út Drachten kamen noch op in moaie 4-1 foarsprong yn Wehl, mar joegen de foarsprong út hannen. Gelre kaam sels foar mei 5-4, mar yn de lêste minuten makke Drachten noch gelyk en sette de einstân op 5-5.
De fuotbalsters fan Avanti ferlearen freedtejûn. Yn de eigen hal yn Stiens moasten se de winst litte oan Pro Futsal Club út Apeldoorn. It waard 5-2.