FIDEO: De knop moat om by Cambuur

De knop moat om by Cambuur. Dat fentilearje sawol de trainer as de spilers fan de Ljouwerters. Nei de sensasjonele winst op Ajax yn it bekertoernoai, wachtet snein de lestige útwedstriid tsjin RKC Waalwijk. Dy wedstriid moat in goed resultaat opsmite, want dan soe Cambuur nei in roerige earste seizoenshelte mei in goed gefoel de winterstop yn gean. Boppedat hâlde Ljouwerters dan oansluting mei de subtop.
Robbert Schilder is blessearre hy spilet snein net. Trainer Sipke Hulshoff koe noch gjin opstelling jaan. Dy wurdt sneon bekend.