Hekman en Lollobrigida winne etappe 4-daagse yn Elfstedenhal

Maratonrider Gary Hekman út Kampen hat tongersdei yn Ljouwert de earste etappe fan de KNP fjouwerdaagse wûn. Yn de sprint fan de kopgroep fan 15 man, dy't it peleton in ronde lapten, wie de reedrider rapper as de Belg Bart Swings dy't twadde waard. Niels Mesu fan It Hearrenfean kaam as tredde oer de streek.
By de froulju gong de winst nei Francesca Lollobrigida. Yn de massasprint kaam de Italiaanske reedrydster hast tegearre mei har teamgenoate Iris van der Stelt út Numansdorp oer de finish. Emma Engbers út Utrecht einige as tredde.
Freed wurdt der yn Utrecht riden, sneon giet it peloton nei Breda. De finale fan de 4-daagse is snein op de bûtenbaan yn Alkmaar.
Tsien jier lyn waard der foar de lêste kear in meardaagse yn it maratonriden hâlden. De Seisdaagse yn 2006 waard wûn troch Jan-Maarten Heideman. By de froulju gong de winst doe nei Daniëlle Bekkering út Den Ham.