Cambuur stunt tsjin Ajax mei 2-1 oerwinning

Tsjin alle ferwachtingen yn is Cambuur troch nei de kwartfinale fan de KNVB-beker. Cambuur hat de bekerwedstriid tsjin Ajax tongersdei mei 2-1 wûn.
Nei 20 minuten kaam Cambuur op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Martijn Barto. En nei 40 minuten stie Cambuur sels mei 2-0 foar, opnij troch in doelpunt fan Barto. 9200 supporters raasden har de longen út it liif.
Yn it stadion waard weromtocht oan 1996, doe't earste difyzjeklup Cambuur mei 2-0 wûn fan wrâldkampioen Ajax.
Yn de twadde helte krige Cambuur it dreech. Der wie hieltyd mear nedich om de oanfallen fan Ajax te kearen. Nei goed in oere spyljen, wikselen de Amsterdammers yn ien kear trije spilers. Noch gjin tsien minuten letter makke Pelle Clement de 2-1 foar Ajax. Nei in hoekskop kopte hy de bal sa achter de keeper.
"Fuotbalwûnder"
Foar Cambuur waard it hieltyd lestiger om de enoarme druk fan Ajax te oerlibjen. Se moasten noch in kertier folhâlde en de wizers fan de klok liken hieltyd stadiger de tikjen. Yn de lêste 10 minuten fan de wedstriid wie Ajax hiel ticht by de 2-2, mar keeper Leonard Nienhuis rêde syn ploech nei in poeier fan in skot fan Nick Viergever.
Yn de slotminuten fan de wedstriid koe Ajax de oanslutingstreffer net mear meitsje. It Cambuurpublyk stie op de banken. "Wer in unyk momint" sei ferslachjouwer Geert van Tuinen. "In sensasjonele oerwinning. We binne tsjûge fan in enoarm fuotbalwûnder."