Wurkstraf easke tsjin oplichter telefoanabonneminten

Smartphone © Omrop Fryslân
Tsjin in man út Wolvegea is tongersdei in wurkstraf fan 120 oeren en in moanne sel ûnder betingst easke fanwegen oplichting mei djoere mobile telefoanabonneminten. De man soe trije jonges oerhelle ha om by telekomwinkels djoere abonneminten ôf te sluten mei in fergeze mobile telefoan. De jonges soene hûndert euro de telefoan krije en de fertochte soe de abonneminten stopsette. Dat slagge by in tal winkels op It Hearrenfean, yn Snits, Wolvegea en Stienwyk.
Mar de abonneminten waarden net stopset en sadwaande waarden de jonges foar tûzenen euro's dupearre. Sy easkje no goed 11.000 euro oan skeafergoedingen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.