Gemeenten moatte wer jild stekke yn ynfrastruktuer

Fryske gemeenten moatte wer jild stekke yn de ferbettering fan diken en brêgen. Dy oprop docht deputearre Sander de Rouwe. De gemeenten hawwe de ôfrûne jierren bot besunige op ynfrastruktuer. Mar no't it finansjeel better giet, is der wer jild foar it opknappen fan diken.
Ut ûndersyk fan de provinsje docht bliken dat fierwei de measte fan de 24 Fryske gemeenten de begrutting op oarder ha. Seis fan harren is it net slagge in slutende begrutting te meitsjen foar 2017. Der stean takom jier gjin gemeenten ûnder previntyf tafersjoch.
Besunigingen en ekonomysk herstel
It ekonomyske herstel soarget ek foar in bettere finansjele posysje fan de gemeenten, omdat se mear jild krije fanút Den Haag. Mar se hawwe sels ek op tiid ynspile op de besunigingen.
Der is benammen besunige op ynfrastruktuer. Begryplik, fynt deputearre Sander de Rouwe. "Dat snappe wy ek wol in bytsje. It giet altyd om in soad jild en do sjochst it net fuort werom, mar wol yn de takomst." Dêrom ropt de deputearre gemeenten op om op 'e nij nei de diken en brêgen te sjen om efterstallich ûnderhâld foar te kommen.