Stichting Gered Gereedschap hat in nij ûnderkommen

It binne drokke dagen foar de meiwurkers en frijwilligers fan de stichting Gered Gereedschap Wolvega. Ofrûne simmer waard dúdlik dat de stichting harren plakje kwytreitsje soe en dus moast der gau in nij plak fûn wurde.
De stichting krige dêrby help fan de famylje Kapinga, fan Homecenter Wolvegea. Sy stelden in loads beskikber en dy wurdt no ferboud. Sneon is de iepening fan it nije ûnderkommen.
30 frijwilligers
De stichting Gered Gereedschap knapt âld ark op dat dêrnei nei ûntwikkelingslannen giet. It ark moat minsken dêr helpe in selsstannich bestean op te bouwen. It idee ûntstie yn 1980 yn Ingelân, twa jier letter waard de earste Nederlânske fêstiging iepene.
Wolvegea hat sûnt 1992 in eigen wurkpleats. It jout op trije moarnsskoften yn de wike dat it iepen is plak oan sa'n 30 frijwilligers.