FIDEO: Iris Kroes sjongt Gurbe Douwstra

Om alfêst út te sjen nei de Fryske Top 100 sjongt Iris Kroes Cliffs of Moher, it ferske fan Gurbe Douwstra dat al jierren heech yn de Fryske Top 100 stiet. Sy hat foar dit nûmer keazen om't se it moai fynt, Gurbe en sy beide Drachtster binne én om't sy sels by de kliffen fan Moher yn Ierlân west hat.
De folsleine ferzje fan Iris Kroes' Cliffs of Moher komt freed op Youtube te stean.
De Fryske Top 100 wurdt op 31 desimber útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Der kin noch oant en mei twadde krystdei stimd wurde.