Messeswaaier yn Ljouwert oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat tiisdei in man oanhâlden dy't yn in winkel oan de Elzenstrjitte mei in mes stie te swaaien. Mei help fan it sinjalemint koe de man yn de Robinsonstrjitte oanhâlden wurde. Hy hie it mes noch by him. It mes is yn beslach naam. Ut ûndersyk die bliken dat de man noch 15 dagen de sel yn moast.