Twadde Keamer stelt bistepaspoart ferplicht foar pups

Alle pupkes moatte tenei in bistepaspoart hawwe. Oft se no hjir berne wurde of fanút it bûtenlân hjirhinne ferfierd wurde. Dat fynt de Twadde Keamer. In moasje fan de Partij voor de Dieren mei dizze ynset helle tiisdei in romme keamermearderheid.
Troch it bistepaspoart te ferplichtsjen hopet de partij de yllegale hannel yn hûnen tsjin te gean. Moandei waard in yllegale hanneler yn Holwert oppakt. Dêrby waarden 23 deade hûnen fûn yn in friezer en nochris 27 slim fertutearze hûnen.
Neffens keamerlid Esther Ouwehand fan de Partij voor de Dieren koe dat foarkaam wurde as der earder in ferplicht hûnepaspoart wie.
De ynternasjonale hûnehannel ferrint benammen fia Hongarije en de Partij voor de Dieren hie dan ek graach in strangere kontrôle ynfiere wollen op ferfier út sa'n lân. In moasje dêroer helle it lykwols net.