Nûmerbuorden wurde net ferplichte foar trekkers

© Omrop Fryslân
Trekkers wurde dochs net ferplichte om nûmerbuorden te brûken as se de iepenbiere dyk op wolle. De Twadde Keamer hat de maatregel oan de kant skood. Yn 2013 hie de Keamer it plan om nûmerbuorden ferplicht te meitsjen foar trekkers, mar tiisdei waard it plan definityf ôfkard.
It is in ûnderwerp dat al mear as tsien jier op de politike aginda stiet. Tsjinstanners fan it plan binne fan miening dat trekkers en lyksoartige masines mar hiel sporadysk op de iepenbiere dyk komme.
Neffens de VVD soe in nûmerboerd ek net helpe om de ferkearsfeiligens better te meitsjen.