Plysje siket ynbrekker fan bestelbus yn Ljouwert

© ANP
De plysje yn Ljouwert siket de dief dy't moandeitenacht ynbrutsen hat yn in bestelbus dy't yn de Douwe Kalmaleane stie. Op kamerabylden is te sjen dat de man om healwei twaen op de fyts oanriden komt, in rútsje yntikket en de doar iepenet. It kentekenbewiis en in mobile telefoan binne stellen.
De man is dêrnei fierder fytst yn de rjochting fan it winkelsintrum. Hy hie neffens de plysje ljochte klean en hege learzens oan.