UPDATE: Twa minsken ferûngelokke by Eanjum

By in slim ûngelok op de H.M. Gerbrandywei by Eanjum binne tiisdeitemoarn twa minsken om it libben kaam. It giet om in frou fan 81 en in man fan 74, beiden út Moddergat. De man siet achter it stjoer fan in brommobyl, de frou wie syn passazjier. Se kamen út de rjochting fan Peazens-Moddergat en woene de provinsjale dyk oerstekke rjochting Eanjum. Dêrby seagen se it bestelbuske oer de holle. De bestjoerder koe in botsing net mear foarkomme.
Beide slachtoffers binne op it plak fan it ûngelok ferstoarn.
De bestjoerder fan it bestelbuske kaam mei de skrik frij. Hy hat slachtofferhelp oanbean krigen.
Neffens doarpsbelang binne op it plak fan it ûngelok de ôfrûne jierren al mear ferkearsdeaden fallen. It doarp hat geregeld frege om feroaring fan de krusing yn in ovonde. De provinsje hat krekt besletten dy ek út te fieren. Kommende tongersdei soe hjir in ynformaasjejûn oer hâlden wurde, mar dy giet net troch fanwege de omstannichheden, sa lit de provinsje witte.