Grinslân wol mear wynmûnen yn de Noardsee

De provinsje Grinslân ropt minister Henk Kamp op om mear wynmûnen yn de Noardsee te pleatsen. De provinsje sjocht grutte mooglikheden foar wyn op see en dan benammen boppe de Waadeilannen.
Neffens Grinslân binne der mooglikheden, no't de kostpriis fan wynmûnen op see leger wurden is. Dat docht bliken út de nije parken foar de kust fan Borssele, dy't folle goedkeaper útfalle. De provinsje sjocht dêrneist mooglikheden foar de wurkgelegenheid yn it Noarden.
De Waadferiening stipet it idee fan de provinsje Grinslân.